it is dichtsjen it fers wurdt myn trip nei in nij skepsel it is de sinne sjittend oer in kribbich wetterflak sjoen út in ridende trein it is in bosk dat dript gjin begjin gjin ein in wet fan ferjit in djipper ûnthâld mei nachthippers oer tûken fan fernuvering lis ik myn earms om de ljochtboei hinne |