Op 6 augustus is dichter Jan Dotinga ferstoarn. Hy waard yn 1934 berne yn Britsum en groeide op yn it Stienzer Aldlân. As bern hie er al niget oan taal, it begûn mei foardrachten en opstel skriuwen. Dotinga wurke syn hiele libben yn it ûnderwiis. Nei ferskate banen kaam er yn 1969 as haad oan de kristlike legere skoalle yn Droegeham te stean, dêr't er oant syn pensjoen bleaun is. Yn 1965 debutearre er mei de bondel Lytse Ivichheit. Dêr hie er as earste Fryske auteur in rykstalage foar krigen, bedoeld as stipe en oantrún foar jonge keunstners. De fersen binne in poëtysk ferslach fan syn jeugd yn it Stienzer Aldlân. De dichter brocht yn de jierren dêrnei mei grutte regelmaat nije bondels út. Syn bondel Flaggen en tûkelteammen (1978) wurdt sjoen as in hichtepunt yn syn poëtysk wurk. Yn de bondel is in skift fan 26 gedichten opnaam dy't Dotinga makke nei oanlieding fan ferskillende byldhouwurken dy't er seach op in bûtententoanstelling yn Arnhem. Yn 2003 ferskynde syn lêste bondel, Ik wol dy wizer ha. Lês fierder by Tresoar |